Beste Jonge Democraat,

Enkele maanden geleden zaten bestuursleden van de afdeling Fryslân en Groningen- Drenthe tijdens een brainstorm na te denken over activiteiten die wij samen konden gaan ondernemen. Uit deze brainstorm kwam het idee van een symposium en het congres voort.

De samenwerking was geboren en in november hebben we een interessant symposium over de rol van regionale journalistiek en politiek neergezet. De opkomst was net als de gemiddelde interesse voor eerdergenoemde onderwerpen, maar inhoudelijk was het een zeer geslaagd symposium. Nu enkele maanden en vele uren samenwerking later, is het dan bijna zover: het congres van de Jonge Democraten.

Het congresteam dat bestaat uit leden van beide afdelingen heeft toegewerkt om naast goede overnachtingen, ook een leuk programma te realiseren. Zo zijn er interessante sprekers, kunnen we op vrijdagavond hopelijk de nieuwe Jochem Meijer ontdekken en gaan we zaterdag als dragkings- en queens los op een spetterend feest.

De thematiek van het congres draait om de kracht van (regionale) identiteit. Een mooi thema dat natuurlijk goed past bij de sterke identiteit van de provincies Groningen en Fryslân. Vandaag de dag zie je meer dan ooit, dat mensen zich sterker identificeren met de regio waar zij wonen of opgroeien. Dit biedt volop kansen op economisch en cultureel gebied. Een mooi voorbeeld hiervan is de toewijzing van Culturele Hoofdstad 2018 aan Leeuwarden.

Het congresteam wenst iedereen een mooi, leuk en bovenal gezellig congres toe.

Het Congresteam

In pear moannen lyn sieten bestjoersleden fan de ôfdielingen Fryslân en Grinslân-Drinte ûnder it brainstoarmjen nei te tinken oer aktiviteiten dy’t wy tegearre ûndernimme kinne soene. Ut dit brainstoarmjen kaam it idee fan in sympoasium en it kongres fuort.

De gearwurking wie berne en yn novimber ha wy in ynteressant sympoasium oer de rol fan regionale sjoernalistyk en polityk delset. De opkomst wie lykas de gemiddelde ynteresse foar earder neamde ûnderwerpen, mar ynhâldlik is it sympoasium goed slagge. Nei in tal moannen en in soad oeren fan gearwurking, is it dan hast safier: it kongres fan de Jonge Demokraten.

It kongrestiim, dat bestiet út leden fan beide ôfdielingen, hat hurd wurke om neist goede oernachtingen, ek in aardich programma yn inoar te setten. Sa binne der ynteressante sprekkers, kinne we freedtejûn hooplik de nije Jochem Meijer ûntdekke en geane we sneon as dragkings- en queens los op in grut feest.

De tematyk fan it kongres giet oer de krêft fan (regionale) identiteit. In moai tema dat fansels goed past by de sterke identiteit fan de provinsjes Grinslân en Fryslân. Hjoed oan ‘e dei sjochst hieltyd mear dat minsken harren identifisearje mei de regio dêr’t sy wenje of grut wurde. Dit smyt wer in soad kânsen op ekonomysk en kultureel mêd op. In moai foarbyld hjirfan is de tawizing fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018.

It kongrestiim winsket elkenien in moai, noflik en boppe-al gesellich kongres ta.

It kongrestiim